|
||||||||||||||
|
Ik ik It Nederlânske ‘ik ook’ skriuwe wy yn it Frysk as ‘ik ek’. Mar in grut part fan de Friezen sprekt beide wurden gelyk út: beide as ‘ik’. Yn it begjin fan de 20e ieu is wol ûndersyk dien nei it de ferdieling fan beide foarmen oer it Fryske taalgebiet. Sa soe ‘ek’ benammen yn it noardeasten sein wurde en ‘ik’ yn it westen en suden. En de foarm ‘ik’ soe mear en mear brûkt wurde. Wat dat lêste oanbelanget, haw ik de yndruk dat dat op it stuit earder oarsom is. Neffens my hear ik mear ‘ek’ as ‘ik’ as it om de betsjutting ‘ook’ giet. Faaks dat de betizing mei it foarnamwurd ‘ik’ hjiryn meispilet. It sil nijsgjirrich wêze om dêr yn de takomst ris ûndersyk nei te dwaan. Yn it Aldfrysk seinen de minsken ‘aak’. Yn de 16e en 17e ieu wurdt dat dan sa stadichoan hieltyd mear as ‘êk’ útsprutsen. Dy ‘ê’ wurdt yn de rin fan de 17e ieu ta ‘ea’, lykas yn ‘read’ en ‘keapje’. Mei ‘ek’ bart ynearsten itselde en de skriuwwizen fan it wurd yn de 17e en 18e ieu litte sjen dat dy ûntjouwing ek dêr plakfûn hat: de 17e en18e ieuske skriuwers staverje benammen ‘æk’ en ‘eak’. Mar ‘ek’ is in lyts wurdsje dat gau oeral tusken plakt wurdt yn it praat. Yn sa’n gefal kriget it wurd wat minder klam en wurd it maklik ferkoarte. Tink mar ris oan in wurdsje as ‘koe’ dat eins mei in twilûd ‘û-e’ útsprutsen wurdt, mar dat yn rêd praat maklik ta ‘kû’ wurdt (mei in koarte ‘û’). Sa is it mei ‘eak’ ek gien. Ut de skreaune boarnen falt op te meitsjen dat dy ûntjouwing yn de 18e ieu plakfynt. As wy yn de twadde helte fan de 19e ieu wer ynformaasje oer Fryske dialekten krije, dan wurdt de lange foarm ‘eak’ inkeld noch twa kear út it suden fan it taalgebiet melden. En ek dêr is de foarm doe hurd útstoarn. Allinnich yn it dialekt fan West-Skylge komt ‘eak’ no noch foar. Hoe’t dat ‘eak’ krekt ferkoarte, hinget fan de krekte útspraak fan de ‘ea’ ôf. In wurd as ‘weak’ wurdt yn it westen fan de provinsje mei in twilûd ‘i-e’ útsprutsen, mar yn it easten as ‘wêk’. Mei ‘eak’ wie it net oars. De 18e ieuske gefallen fan ‘ek’ komme allinnich foar yn it gebiet dêr’t tsjinwurdich ek ‘wêk’ sein wurdt, wylst de gefallen fan ‘ik’ westliker en súdliker foarkomme. It wurd ‘eak’ liket yn klank op ‘each’; ek dêrfan kenne wy de farianten ‘each’ en ‘êch’. Mar yn dat gefal is der noch in tredde fariant en dat is ‘eech’. En jawis, sa’t jo ferwachtsje koene, yn de 18e ieu komt de foarm ‘eek’ ek foar en wol yn deselde gebieten dêr’t no ‘eech’ foarkomt, nammentlik de súdlike helte fan Fryslân. As ‘eek’ ferkoartet, smyt dat ek ‘ik’ op. Sa kin it komme dat yn de omkriten fan Drachten, dêr’t wy ‘êk’ en dus ‘ek’ ferwachtsje meie, teffens ‘ik’ tsjinkomme yn dyselde 18e ieu. Der is noch in fariant fan it wurd ‘ek’ dy’t no wol net sa faak mear foarkomme sil en dat is ‘yk’. Dy foarm wurdt yn it tiidrek fan de 18e oant begjin 20e ieu in oantal kear melden yn Warkum en Makkum. It suden fan Fryslân hat wol faker foarmen mei <iik> foar <eek> lykas yn ‘iken’ en ‘riik’ nêst noardliker ‘eken’ en ‘reek’. Sa hat der blykber ek in ‘iik’ west mei dêrnêst de foarkoarte foarm ‘yk’. Al mei al noch in hiel soad ynformaasje oer de Fryske klankskiednis yn dy twa letters. Altyd itselde Dy’t myn stikjes fan de lêste tiden efterinoar sette soe en trochlêze, soe fernimme dat ‘feroaring’ it haadtema wie. It Frysk feroaret net allinnich no, mar ek eartiids en likegoed as no komme in soad feroarings al in pear hûndert jier út it westen en suden. Saken dy’t gauris foar oerâld en oarspronklik Frysk holden wurde, dogge bliken pas folle jonger te wêzen en boppedat net iens sa Frysk. Dêrom is it ek wer ris aardich en sjoch nei dingen dy’t oantoanber hiel konstant binne yn ús taal. Ien fan dy saken is de útspraak fan de /s/ en de /f/ oan it begjin fan wurden. Ornaris kinne jo Friezen der frij maklik út troch de hurde útspraak fan dy klanken. Opmerklikernôch krûpt it Nederlânsk yn dit stik fan saken ús langer wat mear oan en wurdt dat ferskil de lêste jierren lytser. Mar it Frysk feroaret hjir dus net yn. Ut de taalskiednis wite wy dat de hurde útspraak ek de âldste wêze moat. En wat no sa opfallend is, is dat alle Fryske dialekten, te uzes en yn it East- en it Noardfrysk, dy útspraak fêstholden hawwe yn alle tiden. En dat wylst al ús buorlju, Hollanners, Drinten, Grinslanners en Nedersaksers /z/ en /v/ sizze. Noch sa’n útspraakferskynsel dat djippe woartels yn ús taal hat, is de somtiids wat heale, nasale útspraak fan de /n/. It wurd ‘goes’ wie oarspronklik yn it Oerfrysk ‘gons’. De /n/ yn dat wurd waard wat langer wat mear troch de noas útsprutsen om by eintsjebeslút hielendal te ferdwinen. Wat oerbleau wie ‘goos’ dat letter ‘goes’ waard. Hjoed de dei hawwe wy wer it wurd ‘gâns’ yn ús taal. Yn in part fan it taalgebiet as nij wurd foar ‘goes’ en oeral as bywurd, bgl.: ‘der binne gâns fryskpraters’. De /n/ wurdt – krekt as yn ‘kâns, minske, (do) kinst’ - wer wakker nasaal útsprutsen. Yn ‘do kinst’ kin er yn rêd taalgebrûk sels hielendal ferdwine. De oanstriid om fan dy /n/ in nasale klank te meitsjen dy’t dan ek wer maklik ferdwynt, is yn it Frysk blykber al 1000 jier oanwêzich. In tredde útspraakferskynsel kin hjir noch oan taheakke wurde. Wy sizze yn it Frysk ‘dwaan’ en ‘sjen’ . Yn it Oerfrysk wienen dat ‘doo-an’ en ‘see-an’. Yn de twilûden ‘oo-a’ en ‘ee-a’ ferskode de klam fan it earste nei it twadde part en ûntstienen ‘wa’ en ‘jaa’ (Aldfrysk ‘sjaan’ waard letter ús ‘sjen’). Opmerklik is no dat yn ús Frysk sa’n klamferskowing letter, om 1700 hinne, nochris plakfûn hat. Ut ‘beamen’ waard ‘bjemmen’, út ‘doaren’ waard ‘dwarren’, ensfh.: de Nijfryske brekking. Ek hjir wer in tendinsje yn ús taal dy’t sa’t liket oer in tiidrek fan hast 1000 jier gelyk bleaun is. En foarrige kears gong it oer de oergong fan ‘kj’ nei ‘tsj’, lykas yn ‘tsjerke, meitsje’. Dy oergong hat him yn it Frysk faker as ien kear foardien: ien kear om 900 hinne, bgl. yn ‘tsjerke’, en letter nochris om 1500 hinne, bgl. yn ‘meitsje’. Ek dêr dus in lang tiidrek. Wy sille nea krekt wite hoe’t it Frysk yn de midsieuwen klonken hat. Yn guon saken frijwat oars as no, mar blykber binne der ek dingen dy’t yn al dy ieuwen amper feroare binne.
FREE website of Beep.com
The responsible person for the content of this web site is solely the webmaster of this website, contactable via this form! |
|||||||||||||